Kollum: "Konteners"

06 jan 2021 - 08:36

"Aldjiersdei moast ik wat ophelje yn Balk. Ik soe wer fuort, mar dat koe net, want der stie op de Wilhelminastrjitte in mânske frachtwein yn it paad. Hy stie der ferhipte ûngelokkich, krekt foar de Lidl. It wie ommers âldjiersdei, se hienen dêr 'dranghekken' foar de doar stean. En as de lju de auto folpropt hienen mei oaljekoeken en oar ûnrant, koenen se de oprit net ôfkomme fanwege dy frachtwein.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

Op dy frachtwein stienen hûnderten konteners. We ha al konteners foar grienteôffal en ien foar alle oare rotsoai. No krigen de ynwenners fan De Fryske Marren in tredden: foar âld papier.

Ald papier skiede wy boargers nammentlik hiel soarchfâldich fan alle oare ôffal. Ik helje sels de papierkes fan de brûkte teepûdsjes. Dat âld papier wurdt wer brûkt om der allerhande dingen fan te meitsjen. Recycling hjitte dat earst. Sirkulêre ekonomy neame se dat no. Houkje Rijpstra is sûnt 2017 de sirkulêre baas fan Fryslân en se fertelde my dat it hartstikkene goed giet om fan alle âlde rotsoai it meast moaie en te brûken guod te meitsjen.

Fryslân hat dochs al in geweldige tradysje dat ferienings en organisaasjes ien kear yn de moanne lânskomme mei trekker, wein en frijwilligers om ús âld papier op te heljen. Skoallen, korpsen, sportferienings en wat al net helje dat fergees op en fertsjinje der wat oan.

Fertsjinnen, moat ik sizze, want de ûndernimmers yn dy sektor wolle der hieltyd minder foar jaan. Dat is de typysk Nederlânske VVD-ekonomy. We sette wat op fanút it neat, mar as we dan ynienen in hiel soad âld papier of oare rommel ophelje, dan betelje de ûndernimmers navenant hieltyd minder. Sneu. Ik wie wend om de reklamefolders ta te litten yn myn brievebus, dan koe it korps dêr moai in toeter fan keapje.

Dat doch ik net mear, want de oerheid nimt it oer. As se it sels massaal oanpakke, tinke se, fertsjinnet it genôch. En ha net yn de rekken dat it de deastek is foar sa folle frijwilligers. En ferienings.

Noch slimmer yn De Fryske Marren. Yn dat Balk stienen altyd twa mânske konteners by it fuotbalfjild, elk smiet dêr syn âld papier yn. Dy konteners binne yn july fuorthelle. Wylst se altyd smoarfol sieten. Mar de minsken moatte no allegear sels thús in kontenerke ha. Dy kostet it measte net, sis mar in tientsje. Mar it opheljen kostet 90 euro de oere, en dan ha je in hiele dei wurk mei ien auto om in plak fan 1000 wennings papierfrij te meitsjen. It kostet nochal wat mear as fergees.

Dy sirkulêr makke konteners waarden âldjiersdei yn Balk dus ôflevere. Troch amtners. No, jim kenne it ferhaal fan amtners. De taslagge-affêre raast troch Den Haag. En jim kenne ek it ferhaal dat as jim in bejaarde mem in broadsje bringe, dat se dan yn Hearrenfean 14.000 euro werom betelje moatte. Oan regeltsjeneukers.

Dy regeltsjes betsjutte dat gemeenten hiel presys witte moatte hokker kontenernûmer elk krijt. Dat moat opskreaun wurde, ynfierd op de kompjûter en dan krije je noch trije kear in briefke oer dat jo foar dat nûmer persoanlik ferantwurdlik binne. Krekt as soene der lju wêze dy't twa fan dy swarte bakken mei blau lid ha wolle.

Yn Balk wienen der dus amtners dy't nûmers lêze en opskriuwe kinne. Se hienen alfêst tweintich bakken op in rige set. Op 'e dyk. Doe seagen se elkoar oan en draaiden in sjekje. Dan kinne je net in kontener triuwe.

Ik hie de oanstriid dêr hinne te gean om te freegjen hoe lang't it duorje soe. Myn frou hat my sokke streken ferbean. Ik die wol efkes it autorútsje iepen, en sette de motor ôf, want der wie dochs net lâns te kommen. Fan de oare kant kaam in like grutte kontenerfrachtwein mei twa man dy't ek smookten.

Ik hearde de mannen. Der foelen hurde wurden. Net oer konteners of sa, nee oer Hugo de Jonge. "Dy moat mar ophongen wurde, hat noait wat regele, en no ha we in faksin en dan duorret it noch oant de simmer foardat we in prikje krije kinne. Skandalich, dat soks no sa yngewikkeld regele wurde moast."

Ik ha it rútsje ticht dien, oant tsien teld, bin swaaid en omriden."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)