Muzykyndustry noch lang lêst fan krisis: "In tal minsken hat no fêst wurk en komt net mear werom"

06 jan 2021 - 06:37

It sil noch jierren duorje oant de muzykyndustry wer hersteld is fan dizze coronakrisis, sa tinkt Andries van Wieren. Hy hat in eigen managementburo en sjocht 2021 mei net al te folle fertrouwen temjitte. In protte talint hat yntusken oar wurk fûn wêrby't it de fraach noch mar is oft dy wol weromkomme. In tal sealen is fallyt en ynternasjonale groepen bliuwe foarearst fuort, om't toernees net mear te fersekerjen binne. "Wy ha neist De Falom ek yn Boedapest in kantoar", seit Van Wieren. "Dêr is hielendal neat mear te dwaan."

In konsert - Foto: Shutterstock.com

Alles falt fuort

Foar it publyk sil it muzykoanbod wol fluch wer herstelle as elkenien faksinearre is, mar foar de yndustry wurdt it noch swier de kommende jierren, sa ferwachtet Van Wieren. Dat begûn al yn maart ferline jier, doe't de earste eveneminten skrast waarden. "It seach derút dat it in moai jier wurde soe," fertelt Van Wieren. "Mar dat einige yn maart. Dêrmei einige foar ús ek de omset en dat is hiel swier. Sa earlik moatte je wêze. Doe kaam de klap nochris hurder oan, want we hiene al in protte dingen regele. Je meitsje sa in protte kosten lykas posters en CD's en de promoasje foar in evenemint fan in band. Mar dy fertsjinje we net werom. Kosten ha je al makke en hast gjin omset mear. Dat wie switten. Mar de stipe fan de oerheid wie moai."

Dreech jier

Mar de stipe fan de oerheid jildt net yn alle lannen. Van Wieren hat fêstigingen op meardere lokaasjes yn de wrâld. Dit jier wurdt dan ek spannend. "Benammen ynternasjonaal sil it lang duorje foar't we wer los kinne. Yn Boedapest is der gewoan hielendal gjin jild foar de artysten. Dêr is dus hielendal neat te rêden. Ik bin no oan it wurk om de minsken dêr te ûnderhâlden. Dêr komt it wat op del."

Mar net allinnich it kantoar hat it swier, ek de bands fernimme de krisis no. "Dy ha it hiel dreech. Se sitte hiele dagen stil en ha in Tozo-útkearing. It is foar harren min, want de measten sitte ek nochris yn Amsterdam. Dêr is it libben sawiesa al wat djoerder. As je dan hielendal neat binnen krije, wurdt it lestich om de hypoteek te beteljen. Sy dogge dêrom allegearre wat oars."

Net mear werom

Dat eltsenien wat oars docht om oan jild te kommen, hat in grutte impact. "Se ha no alle moannen fêst wurk en dus ek in fêst salaris. No sjogge se dêr de foardielen fan en wolle se eins net mear werom nei de muzykwrâld. Dêr falle dus wat gatten."

Andries van Wieren fan 3S Music Management oer de lockdown

Feroarings

Persoanlik feroare der ek in protte yn it libben fan Van Wieren. "Ik bin 4 dagen yn de wike by it ûnderwiis oan it wurk. Fan it poadium nei in klasse. Dat is wer efkes wennen. Ik ha in tal minsken oan it wurk, mar hast allegearre dogge se wat oars. We hâlde it sa wol út oant healwei 2022. Mar dat is dreech om te plannen. Ik ha in skoftke mei de eveneminten hielendal net mear in planning makke, want je wisten gewoan net hoe't it komt. No hâld ik rekken mei it feit dat we fan juny ôf wol wer wat dogge. We moatte ergens rekken mei hâlde. Der moat wat mooglik wêze. En oars wurdt it mar augustus," seit Van Wieren fol fjoer. "We ha it no ek al folhâlden. Kin it lêste stik ek noch wol."

(Advertinsje)
(Advertinsje)