Auto yn 'e feart by Hemert; bestjoerder wachtet boppe-op auto op help

Op de Hemerterlaan by it buorskip Hemert, tusken Burchwert en Wytmarsum, is tiisdeitejûn in auto yn it wetter bedarre. De bestjoerder rekke troch ûnbekende oarsaak fan de dyk en ried regeljocht de feart yn.
© CAMJO media
De bestjoerder slagge deryn om himsels yn feiligens te bringen troch fia it rút út de auto te klimmen. Hy wachte boppe-op syn auto op help.
Doe't de plysje en ambulânse arrivearren, swom er nei de fêste wâl. Dêr waard er troch de helpferlieners op it drûge lutsen. De man is ûndersocht troch it ambulânsepersoniel, mar hoegde net nei it sikehûs ta.
Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is net dúdlik.