Iduna makket foarsichtige planning foar 2021: "Heb helaas geen glazen bol"

05 jan 2021 - 22:20

By alles wat se organisearje, krijt se in knoop yn 'e mage. Dat seit Mariska Tuinier fan Iduna op de fraach hoe't it der no foar stiet mei it Drachtster poppoadium. Sûnt maart ferline jier sitte de meiwurkers fanwegen it coronafirus yn in achtbaan dy't noch hieltyd net ta stilstân kaam is. Dochs kin it poppoadium net stilstean. Der moat in planning makke wurde foar it nije jier. Hoe sjocht Tuinier dêrop foarút?

Foto: Google Street View

"Op 8 maart hadden we de laatste normale show", fertelt Tuinier. Dêrnei feroare alles rap. Konserten waarden ôfsein of ferpleatst. Fan gjin publyk nei maksimaal 70 of 30. De ûntwikkelings folgen inoar yn folle feart op. "Ik heb nog nooit zo veel concerten verplaatst of geannuleerd. Op een gegeven moment leken we wel een soort van administratiekantoor. Dat was superheftig."

Tuinier sjocht lykwols mei grutskens werom op it ôfrûne jier. "Elke keer als er iets mogelijk was, deden we het. We zetten met z'n allen de schouders eronder. De artiesten waren daar ook heel flexibel in", fertelt Tuinier. It smiet in soad positive reaksjes op fan besikers dy't bliid wiene dat se dochs, al wie mar efkes, konserten besykjen bliuwe koene. "Het was een achtbaan, maar ik ben wel trots dat we toch nog mooie shows hebben kunnen doen."

2021

Mar hoe komt it yn it nije jier? "Het is ontzettend lastig, want bij alles wat je doet, heb je een knoop in je maag. Je bent enthousiast over iets, maar je weet niet of je het kunt waarmaken. Wat wij doen, is elke keer proberen met de positieve blik vooruit te kijken, maar ook met een realistische blik."

Yn it neijier fan 2021 stean der wer gruttere eveneminten foar grutter publyk pland. "Stel je voor dat het heel snel verloopt met het vaccin. Als we dan niks hebben staan in het najaar, zou dat doodzonde zijn." Tuinier merkt dat besikers de situaasje hiel goed begripe. "Mensen worden niet boos, omdat dit gewoon is wat er nu aan de hand is."

Kommende twa moannen spannend

It wurdt neffens Tuinier spannend foar de konserten dy't foar de kommende twa moannen op de planning stean, om't der in soad ûnwis bliuwt. "We moeten kijken hoe we dat gaan aanvliegen." Tuinier neamt as foarbyld it konsert fan sjongeres Ellen Foley. Dat stie yn earste ynstânsje op 29 maaie 2020 op de aginda. "Dat hebben we verplaatst naar februari 2021, omdat we dachten dat dan alles weer oké zou zijn. Dat is nu nog steeds zorgelijk."

Romtegebrek

Sadree't it wer kin, sil de sektor wer flink oanswingele wurde. Artysten gean nei alle gedachten wer massaal op toernee om jild yn it laadsje te bringen en publyk wol der ek wer graach op út. Is der aanst gjin romtegebrek? "Dat merkten we afgelopen najaar ook al. Iedereen dacht in maart dat het in het najaar wel weer goed zou komen. Toen vroeg onze programmeur zich al af hoe we dit gingen plannen."

Foarstellings moatte elkoar nammentlik net yn it paad sitte en fjochtsje moatte om in plakje. "We moeten daarvoor goed contact houden met de andere poppodia en realistisch naar onze eigen planning kijken. Misschien kunnen we niet alles doen wat we anders wel zouden aannemen. Ik heb helaas geen glazen bol. We zullen het zien."

Mariska Tuinier fan poppoadium Iduna

(Advertinsje)
(Advertinsje)