Haulerwyk wol fan 2022 ôf sels sporthal De Bongerd eksploitearje

It doarp Haulerwyk wol oer in jier fia in stichting de ekploitaasje oernimme fan sporthal De Bongerd. De gemeenteried stiet dêr yn begjinsel posityf tsjinoer, mar it is noch net dúdlik oft it wol finansjeel helber is. Dat bliek by in presintaasje fan de plannen tiisdeitejûn.
© Google Street View
De gemeente hat de oerienkomst mei de behearder fan no, Laco, opsein. Dat bedriuw wie dêr neffens wethâlder Fimke Hijlkema net bliid mei. Al yn 2019 wist Laco dat der mooglik in inisjatyf komme soe út it doarp, sa melde Hijlkema.
En dat inisjatyf is der no dus mei stipe fan it Sportplatform, de Jongeren Organisatie Haulerwijk, het Haulerwijkster Activiteiten Platform, Plaatselijk Belang, de Ondernemersvereniging en Dorpshuis de Enter. Neffens Ronald de Vries, foarsitter fan bestjoer fan sv Haulerwyk, moat it behear fan de sporthal werom nei it doarp. "Wy wolle it tichterby de sportferienings en it doarp bringe. Koartere linen."

Sosjale funksje

De kantine hie nei de iuwwiksel in sosjale funksje foar it doarp. Laco jout yn de kantine fitness en dêrtroch gie dy sosjale funksje ferlern. De inisjatyfnimmers wolle de ynkomsten út de fitness lykwols feilichstelle. De fitnessaktiviteiten moatte dan ferhûzje nei in nije te bouwen gebou achter de sporthal.
Hoe't dat finansiere wurdt en hoe djoer oft dat is, waard út de presintaasje net dúdlik. Wol waard der wat sein oer de mooglikheid om fûnsen te werven. Gijsbert Hilhorst fan it swimbadbestjoer wol dat noch fierder ûndersykje. Yn de konseptbegrutting foar 2022 stean no sawol de opbringsten fan de kantine as de fitnesslessen opnommen.

Gemeente bliuwt eigener

De gemeente bliuwt yn de plannen eigener fan de sporthal en stiet foar itselde ûnderhâld garant as no. De rest komt foar de rekken fan de stichting.
It plan moat no fierder útwurke wurde. It wachtsjen is op in kolleezjefoarstel oan de ried dêr't út bliken dwaan moat oft it doarp de ferwachtings wiermeitsje kin. De inisjatyfnimmers wize derop dat it doarp mei de eigen eksploitaasje fan it swimbad en de skeelerbaan al oantoand hat wat der yn Haulerwyk mooglik is.