Ljouwerter (34) oanhâlden nei bedriging mei fjoerwapen

05 jan 2021 - 20:33

De plysje hat tiisdei yn de Ljouwerter wyk Camminghaburen in 34-jierrige man oanhâlden dy't derfan fertocht wurdt dat er ien bedrige hat mei in fjoerwapen. Yn syn hûs trof de plysje ek yllegaal fjoerwurk oan.

In pistoal - Foto: Shutterstock.com

De plysje krige moandei fia sosjale media de melding dat in man yn Rotterdam bedrige wie mei in fjoerwapen. De Rotterdammer die oanjefte en de plysje starte in ûndersyk.

Woansdei waard der in ynfal dien yn Camminghaburen yn Ljouwert. Dêr waard de 34-jierrige Ljouwerter oanhâlden. It fjoerwapen waard dêr ek oantroffen. It bliek lykwols om in sabeare fjoerwapen te gean. De plysje trof dêrneist trettjin nitraten oan.

It fjoerwurk is yn beslach naam. De fertochte is ynsletten foar fierder ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)