Noed oer mutaasje coronafirus yn it passend ûnderwiis

By skoallen foar passend ûnderwiis meitsje se harren grutte soargen oer de gefolgen fan de mutaasje fan it coronafirus. Dizze saneamde 'Ingelske fariant' soe mooglik ek foar in soad besmettingen soargje by basisskoallebern. "Oant no ta koene we sûnder al te grutte risiko's iepen bliuwe, mar ik wit net hoe't it komt mei dizze nije ûntwikkeling", sa seit direkteur Freek Prins fan SBO De Súdwester yn Snits.
Soargen oer nije Corna fariant by passend ûnderwiis
Op de Súdwester sitte bern dy't net sa maklik thús ûnderwiis krije kinne. Dat hat te krijen mei in mooglike beheining of mei gedrachsproblemen, mar somtiden ek mei de thússitewaasje."Wy biede de bern hjir in soad ekstra begelieding en dat is thús net altyd mooglik." Sa hat elke groep mear as ien master of juf en is der in folslein deiprogramma.
Om dat mooglik te meitsjen, wurdt strang tasjoen op it neilibjen fan de coronamaatregels. Sa moatte de bern faak hannen waskje en hawwe alle folwoeksenen in mûlkapke foar. En oant no ta hawwe se it coronafirus bûten de doar hâlden. "Der hawwe op skoalle sels gjin besmettings west, dus we wiene it ek net iens mei de sluting fan de skoallen."
It oantal bern dat nei de krystfakânsje wer op skoalle komt rint alle dagen in bytsje op. Op de earste dei wiene der sa'n 60 bern en op dei twa wiene dat al 80. Prins tinkt dat it der oan de ein fan de lockdown wol sa'n 125 wêze kinne. "In protte âlders sitte thús yn de pine. Hielendal mei dit type bern falt it net ta om se thús ûnderwiis te jaan. Ik tink dus dat it oprint, nettsjinsteande de berjochten oer de besmetlike fariant fan it coronafirus."
Mar dat lêste dêr hat Prins sels wol noed oer. "De earste tekenen binne dochs dat ek bern dizze fariant wat makliker oppikke en ferspriede. Dat soe fansels hiel min nijs wêze. Ik bin benaud dat dan ek de skoallen foar dizze bysûndere groepen bern ticht moatte en dat wurdt in grut drama. Foar de bern, de âlders en foar ús. Dus ik hoopje dat it net sa fier komt."