GAS DrOvF ûnoangenaam ferrast troch oankundiging nije gaswinnings

Boargerkomitee GAS DrOvF tsjin gaswinning yn de grinsregio fan Fryslân, Drinte en Oerisel is ûnoangenaam ferrast troch de oankundiging fan in ryksregeling foar nije gaswinnings yn it gebiet. It komitee freget him ôf hoe folle oft ynwenners fan it gebiet noch te sizzen hawwe ûnder in ryksregeling. Boppedat is it sawiesa de Ryksoerheid dy't bepaalt wêr't de winnings komme en ûnder hokker betingsten. Vermilion, dy't al gas yn it gebiet wint, sil de nije boarputten slaan en de gasfjilden eksploitearje.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It Kanadeeske gaswinbedriuw Vermilion seit al sûnt 2017 gas winne te wollen yn it gebiet. GAS DrOvF frege regelmjittich om aktuele ynformaasje oer de fuortgong by sawol Vermilion as it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat. It antwurd wie hieltyd dat der noch neat bekend wie.
De nije gasfjilden lizze ûnder Noardwâlde en Noardwâlde-Súd yn Fryslân en yn Vledderveen en Wilhelminaoord yn Drinte, mar de ynfloed derfan rikt fierder seit GAS DrOvF.

Proseduere stillizze

GAS DrOvF hat ôfrûne wike in fersyk rjochte oan de Rijksdienst Voor Ondernemend Nederland om de ynsette proseduere tydlik stil te lizzen. Dit fersyk tsjinnen se yn op grûn fan de Omgevingswet. GAS DrOvF is fan miening dat it ministearje net foldien hat oan de eask om útgongspunten foar it beoardielen fan oplossings te kommunisearjen.
Op 31 desimber krigen se fan RVO te hearren dat it fersyk net honorearre wie. Dêrom hat GAS DrOvF besletten sels ynformaasje oan bewenners te jaan en harren op te roppen om gebrûk te meitsjen fan de mooglikheden om in reaksje te jaan oer de nije plannen foar gaswinning.

Underlinge ynfloed gasfjilden

Der wurdt al tsien jier gas wûn yn de regio. De fjilden lizze yn de trije gemeenten Weststellingwerf (Fryslân), Westerveld (Drinte) en Steenwijkerland (Oerisel).
De ynfloed fan sa'n gasfjild rikt neffens GAS DrOvF lykwols folle breder. Meastentiids wurdt der rekkene mei in straal fan sa'n fiif kilometer fan de rannen fan it gasfjild ôf om it ynfloedsgebiet oan te jaan. Yn dat ynfloedsgebiet is der boaiemdelgong en kin der sprake wêze fan ierdbevings.
Omdat dizze fjilden allegear sa tichtby elkoar lizze, falle de ynfloedgebieten oer elkoar hinne. Op guon plakken yn de regio binne der wol fiif of seis ynfloedgebieten tagelyk. Dat kin it risiko op effekten fan boaiemdelgong en ierdbevings bot fergrutsje.

Fiif nije fjilden

It ministearje en Vermilion hawwe neffens GAS DrOvF plannen foar fiif nije gasfjilden: Boergrup en Lombok, Leemdijk, De Bree en Smitstede. Boergrup en Lombok lizze ûnder oare ûnder Weststellingwerf. Vermilion wol dy út in nije boarlokaasje wei winne. It giet dêrby om ien ta trije boarputten.
GAS DrOvF wol de risiko's op skea foar de brûkers boppe de gasfjilden beheine. Dêrfoar fynt de boargergroep it wichtich dat sjoen wurdt nei de gefolgen fan de folsleine gaswinning op de regio, mei ynbegryp fan de eardere winningsplannen, dus de effekten fan de kombinaasje fan de fjilden.
GAS DrOvF ropt ynwenners fan de regio op om te reagearjen op de plannen fan it ministearje en Vermilion. De ynbring wurdt ferwurke yn it konsept Notitie Reikwijdte en Detailniveau. Dêryn kinne se aanst lêze hoe't it ministearje omgien is mei de ynbring fan ynwenners. GAS DrOvF seit dêr lykwols net in soad fan te ferwachtsjen.