Nij Smellinghe, Tjongerschans en Antonius begjinne freed mei faksinearjen soarchpersoniel

Sikehûzen Nij Smellinghe, Tjongerschans en it Antonius-sikehûs sette freed útein mei it faksinearjen fan har akute soarchpersoniel tsjin it coronafirus. It MCL kundige earder al oan woansdei te begjinnen mei de ynintings.
© Shutterstock
It MCL yn Ljouwert set woansdeitemiddei om 15.00 oere útein mei de faksinaasjes, dy't bedoeld binne foar personiel fan de intensive care, de spoedeaskjende help, de covidôfdieling en ambulânsepersoniel.
Spoedeaskjendehelpferpleechkundige Andrea de Boer en ic-ferpleechkundige Klaas de Graaf binne woansdei de earsten yn Fryslân dy't de coronaprip yn harren earm set krije. Omrop Fryslân mei dêr eksklusyf by wêze.

'Oan de krappe kant'

De oare trije sikehûzen yn Fryslân - it Antonius-sikehûs yn Snits, Nij Smellinghe yn Drachten en Tjongerschans op It Hearrenfean - begjinne freed mei ynintsjen. Antonius en Nij Smellinghe krije elts 200 faksins, Tjongerschans 175. Hoe folle faksins it MCL krijt, is net bekend.
Foar it Antonius-sikehûs binne de 200 faksinaasjes oan de krappe kant, mar Nij Smellinghe seit dêr genôch oan te hawwen. Tjongerschans seit ek noch net wis te wêzen oft se genôch hawwe oan 175 faksins, mar se tinke foarearst in hiel ein te kommen.

Faksinaasjeplan

Sûnt ôfrûne wykein wurkje de Fryske sikehûzen hurd oan in coronafaksinaasjeplan. Dêryn stiet bygelyks ynformaasje yn oer de priklokaasjes en de distribúsje fan it faksin.
Earder die bliken út in rûnfraach fan Omrop Fryslân by de Fryske sikehuzen del dat der woansdei noch net begûn wurde soe mei it faksinearjen, om't se noch gjin faksins hiene. Mar no komme der dochs faksins tsjin it coronafirus nei Fryslân ta.

Ferdieling faksins fia de regio

De ferdieling fan de coronafaksins foar de sikehûzen en ambulânsetsjinsten wurdt regele troch it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland. Lanlik is ôfpraat dat it ferdielen fan de faksins fia de regio's giet, omdat dy al skoften goed mei elkoar gearwurkje.
Lanlik komme der 33.000 faksins beskikber foar meiwurkers yn de akutesoarchketen, 10,5 persint dêrfan giet nei Noard-Nederlân.