Rûndielen Rysterbosk werombrocht nei orizjinele steat

05 jan 2021 - 18:20

As je no troch de Rysterbosk strune, gean je in bytsje werom yn 'e tiid. It Fryske Gea hat drok dwaande west om in stikje 17e iuw werom te bringen yn de foarm fan histoaryske rûndielen. Dizze patroanen binne wol wat te fergelykjen mei stikken taart; ferhege punten grûn dêr't paden tuskentroch rinne.

Rondielen Rysterbosk werombrocht nei orizjinele steat

"Rûndielen binne steapele muorkes fan hout en dêr sit grûn tusken", fertelt Germ van der Burg fan It Fryske Gea. De rûndielen bestean út rûnhout dat út it eigen bosk komt. De holtes tusken de grûn en it hout binne noflike plakjes foar ynsekten, podden en oare bistjes.

Eartiids yn de 17e iuw waarden de rûndielen oanlein om it lângoed op te kreazjen. "It is in Frânske lânsskipsstyl dy't werkenber is troch rjochte linen en krúspunten deryn", seit Van der Burg. It joech de tún mear status en de paden makke in ferbining tusken it bosk en it lânskip.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Germ van der Burg fan It Fryske Gea

Foto: Omrop Fryslân

De âlde rûndielen binne yn de rin fan 'e tiid opgien yn de natuer, wêrtroch't der net folle mear fan te sjen wie. Van der Burg: "Der sieten gatten yn, it wie wiet en de âlde bûkebeammen fan mear as 150 jier âld stiene op ynstoarten."

Om't It Fryske Gea de kulturele histoarje fan de Rysterbosk wichtich fynt en de besikers graach sjen litte wol wat de skiednis fan de bosk is, hawwe se besletten de rûndielen te werstellen. De patroanen yn it midden fan it bosk binne ôfrûne winter al oanpakt.

It Fryske Gea hat dêr goede reaksjes op krigen en besletten om ek it rûndiel by de Slottún foar de krystdagen te werstellen. Der komme noch ynformaasjepanielen by te stean, sadat besikers mear lêze kinne oer de oarsprong fan de rûndielen.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman sjocht by de rûndielen yn de Ryksterbosk

(Advertinsje)
(Advertinsje)