Tweintich coronabesmettingen by soarchynstelling yn Snits, omwenners net ynformearre

05 jan 2021 - 18:00

Yn soarchynstelling Bonifatiushûs yn Snits binne tolve bewenners en acht meiwurkers besmet rekke mei it coronafirus. Ien fan de bewenners is oerpleatst nei it spesjale Covidhûs op It Hearrenfean, de oare bewenners wurde op har eigen keamer fersoarge.

Foto: Patyna

It Bonifatiushûs is fanwege de corona-útbraak ticht foar besikers. By de soarchynstellling heart ek in part mei oanleunwenten. De bewenners dêrfan binne by fersin net op de hichte brocht fan de coronabesmettingen, mar hiene it nijs wol heard. Se makken har slim soargen. Se krije in ekskúsbrief fan soarchorganisaasje Patyna, dêr't it Bonifatiushûs ûnder falt.

Der binne mear ynstellingen dêr't sprake is fan ien of mear besmettingen mei it coronafirus. Allinne by Patyna al giet it om De Ielânen en it Bonifatiushûs yn Snits, Martenahiem yn Tsjom, Soarchbuorkerij BoerenBlij yn Haskerhoarne, en soarchsintrum De Flinke yn Koudum. De bewenners dêr't it om giet, wurde neffens Patyna yn isolaasje ferplege, en belutsenen binne persoanlik ynformearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)