Feilichheidsregio: "Folle minder deade fûgels, mar fûgelgryp is noch net fuort"

Der binne yn de ôfrûne wiken folle minder sike en deade fûgels fûn as yn de wiken dêrfoar, mar dat wol net sizze dat de fûgelgryp hielendal fuort is. Dat meldt de Fryske feilichheidsregio. "Wylde fûgels binne net ûnder kontrôle te hâlden", seit Sytske Balt fan de Veiligheidsregio.
© NOS
Oant no ta binne der yn Fryslân trije plomfeebedriuwen romme fanwege de sykte. It giet om bedriuwen yn Wytmarsum, Sint-Anne en Bûtenpost. Mei mekoar binne hast 140.000 bisten ôfmakke.
Balt doart net te sizzen dat it firus op syn retoer is. "We ha in skoftke gjin nije besmettingen hân, mar we moatte foarsichtich wêze mei sokke konklúzjes. Wyde fûgels hoege mar yn beweging te kommen om it firus te fersprieden."
De feilichheidsregio hâldt de sitewaasje de kommende tiid goed yn de gaten, seit se, yn gearwurking mei de oare belutsen partijen. Trochdat terreinbehearders byhâlde hoefolle fûgels oft se fine, ha se in goed byld fan de sitewaasje.
Minsken dy't deade fûgels lizzen sjogge, moatte der beslist net oan komme, seit Balt. As se it miljeu-alarmnûmer fan de provinsje belje, komme der spesjalisten om se op te romjen.