Annie Bakker seach blikmuseum fan har heit yn flammen opgean: "Alles is fuort..."

05 jan 2021 - 17:21

It jier 2021 begûn foar de famylje Bakker fan Langsweagen as in nachtmerje. Mei de jierwiksel baarnde harren wenbuorkerij, en it blikmuseum dat derby heart, folslein ôf. Ferslachjouwer Jantine Weidenaar seach tiisdeitemiddei mei Annie Bakker by de folslein útbaarnde pleats en gie mei har werom nei dy fatale nacht.

Brân Langsweagen

"Ik wie op de bank yn sliep fallen. Doe't ik wekker waard, wie der ynienen allegear fjoer", fertelt Annie. Se alarmearre gau har man, dy't yn 'e sliepkeamer lei te sliepen. "Ik sei: der is neffens my brân!'" Se tochten earst dat it wol tafoel. "It fjoer kaam fan boppen wei, mar doe kaam ynienen alles nei ûnder ta."

Bisten

Annie en har man binne dêrnei hurd nei bûten draafd. Yn fiif minuten tiid stie alles yn ljochte lôge. In grutte ramp, want de bisten wiene noch binnen. "Ik koe noch krekt de hûn by de efterpoaten pakke en derút smite. Doe't ik bûten stie, seach ik al ús katten foar de ruten razen fan de pine...", fertelt Annie emosjonearre.

Bakker is grut bisteleafhawwer, en it byld fan har katten lit har dan ek net los. "Trije fan de fjirtjin katten binne ûntsnapt." Ien fan de katten is wûnder boppe wûnder folslein sûnder ferwûnings út de brân kaam, de oare twa binne op dit stuit noch by in bistedokter om oan te sterkjen.

Hûn fermist

Yntusken wurdt der noch socht nei de hûn, dy't sûnt âldjiersnacht fermist wurdt, en mooglik yn panyk fuortdraafd is. De famylje hopet dat minsken it bistje sjogge en harren op de hichte bringe.

De fermissing fan de hûn is benammen in klap foar de man fan Annie, hy hat dagen yn it sikehûs lein mei reek yn de longen. Mar hy woe de hûn sykje. Oant no ta noch sûnder resultaat, mar de famylje hâldt hoop.

De oare klap is it ferlies fan it karakteristike blikmuseum. It libbenswurk fan Annie har heit. "Us heit hie blikken fan Van Nelle, Douwe Egberts, al dy bekende merken. Ik tink dat it der wol 4.000 wiene", omskriuwt se. "We hiene ek âlde auto's fan blik. Alles wat fan blik wie, sammele ús heit."

Dat begûn yn de jierren 80. Annie har heit ferstoar yn 2015, wêrnei't sy syn museum trochsette. "Mar alles is no fuort..." Der lizze hjir en dêr om de pleats hinne noch restanten fan blikken. "Je kinne der neat mear mei, om't je net sjen kinne wat it is."

Museum wer opnij opbouwe

De omjouwing hat yntusken in crowdfundingsaksje op tou set om de troffen famylje te helpen. Annie sels hopet foaral op help foar de bisten en it museum. "Ik wol hiel graach it museum wer werom. Minsken dy't dêrmei helpe kinne mei blikken en sa, dy binne wolkom. Ik hoopje echt dat ik de winsk fan ús heit trochsette kin. Dat is myn alles."

Annie Bakker fertelt oer de brân

(Advertinsje)
(Advertinsje)