Finfisk ferrottet op it Waad: "De geur is wel een dingetje"

05 jan 2021 - 17:08

It hat wol twa wiken duorre, foardat oare bisten yn de gaten krigen dat der in deade finfisk lei op de Rottumerplaat. Dat seit Christiaan Kooistra fan Rykswettersteat. It bist is ûnderdiel fan in wittenskiplik eksperimint. Undersikers hiene ferwachte dat oare bisten der earder op ôf komme soene.

Foto: The Fieldwork Company

Ein novimber spielde de dwerchfinfisk oan op Rottumerplaat. Natuerbehearders hawwe it kadaver lizze litten, om te ûndersykjen wat der bart as it fergiet. Dat kin hast allinne mar op Rottumerplaat: in ûnbewenne eilân dêr't gjin minsken komme. It bist is mei in trekker it eilân oplutsen, sadat it kadaver by heech wetter net wer de see yn spiele soe.

Big Brother op de Rottumerplaat

Wittenskippers hâlde it kadaver mei kamera's yn de gaten. Fotokamera's, want in permaninte fideoferbining is der net. Ien kear yn de moanne kinne se de fideokaartsjes ophelje, dêr't bewegende bylden op steane. "De geur is dan wel een dingetje." Rotte fisken stjonke. By finfisken is dat net oars.

Neffens Kooistra wie it earste bist dat yn de gaten krige dat der in finfisk op it eilân lei, in ekster. Dy kaam krekt foar de krystdagen yn byld. "We tochten fantefoaren dat it nei fiif dagen wol wat opsmite soe", seit er.

Ferrottingsproses duorret lang

It ferrottingsproses duorret langer as fantefoaren tocht waard, seit Kooistra. No binne der swarte plakken te sjen, op de foto's. "It begjin is der, mar we hiene tocht dat it flugger gean soe."

Dat de sitewaasje op it ûnbewenne waadeilân oars is as fantefoaren tocht waard, is no al winst, seit Kooistra. "We litte ús ferrasse."

(Advertinsje)
(Advertinsje)