Fryske oseaanroeisters hast op 'e helte fan de Atlantyske Oseaan

05 jan 2021 - 17:01

It giet dat it slydjaget mei it team The Atlantic Dutchesses, dat de Atlantyske Oseaan roeiend oerstekt. De froulju dogge mei oan de Talisker Whisky Atlantic Challenge, in 5.000 kilometer lange roeirace, dêr't se al hast 2.500 kilometer fan ôflein hawwe. De fjouwer froulju, fan wa't der trije út Fryslân komme, dogge mei foar in goed doel: jild ophelje foar ûndersyk nei hertkwalen by froulju.

-

Op 12 desimber sette de reis fan de Fryske Iris Noordzij, Melissa Vooren en Renate de Backere en Marieke le Duc út Seelân op it Spaanske Kanaryske eilân La Gomera útein. De finishline is Antigua, yn de Kariben.

De froulju sitte yn de kop fan it peloton. Se binne de sânde boat overall fan de 21 dy't meidogge, en binne de earsten yn it frouljusklassemint. It sechde plak, dat se earder yn de race ek ynnommen, is lykwols wer yn sicht. It like as oft se de striid mei de manljusboat Fitter for Planet ferlieze soene, mar de froulju hawwe yntusken de goeie koers wer fûn.

It gie net foar de wyn

Hoewol't de omstannichheden op it stuit goed binne, hawwe se ek min waar en mindere omstannichheden hân. By in stevige westewyn waarden se de ôfrûne oardel wike op guon mominten hast weromblaasd.

Ek ha se twa kear it saneamde para-anker útsmite moatten, dat betsjut dat se op dy mominten stillizze. It lytse bytsje dat se dan foarút komme kinne, is de muoite net wurdich. Oer dat anker, en oer de oare dingen dy't se meimeitsje, fertelle se yn de vlogs dy't se sa út en trochstjoere.

Foto: Iris Noordzij

It ritme dat de froulju oanhâlde, is twa oeren roeie en dan wer twa oeren sliepe en ite. Sa losse se mekoar ôf. Dreech is it dus wol, de froulju sitte mei harren fjouweren op mar acht fjouwerkante meter. In protte oare boaten sjogge se nei alle gedachten ek net, sa binne der bygelyks gjin folchboaten. Se hawwe fan tefoaren dan ek mei-inoar yn training west en hawwe mentale training hân.

Doe't se úteinsetten, wie de ferwachte oankomst noch ein jannewaris, mar op it stuit wurdt de oankomst op begjin febrewaris skat. Dat kin, as de omstannichheden oars wurde, lykwols wer rap feroarje.

De Atlantic Dutchesses roeie foar it goed doel, Stichting Hart voor Vrouwen. Der is yntusken mear as 11.000 euro donearre. It stribbedrach wie 10.000 euro.

De roeisters binne hjir te folgjen en se jouwe sels ek updates op Facebook.

(Advertinsje)
(Advertinsje)