Twa huzen sletten yn Ljouwert fanwege drugshannel

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat tiisdei twa huzen sletten fanwege drugshannel. Yn it earste hûs oan Achter de Hoven waard op 13 july allerhanne materiaal fûn dat mei it hanneljen yn drugs te krijen hat. Ek lei der kokaïne. Der waard op 15 septimber ek 25 gram kokaïne fûn yn in wenning oan de Eikenstraat fûn, tegearre mei goed 11 gram heroïne.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De beide wenten binne foar in healjier ticht.