Groenewoud krijt kâns op massastart; Bergsma hâldt stân by de manlju

05 jan 2021 - 16:04

Reedrydster Marijke Groenewoud fan Hallum is selektearre foar de massastart, by de wâldbekerwedstriden yn it wykein fan 23 jannewaris. Se rydt dan mei Irene Schouten. Melissa Wijfje is reserve. In wike letter is Groenewoud sels reserve, dan ride Schouten en Wijfje tegearre foar Nederlân.

Foto: Orange Pictures

By de mannen ride Jorrit Bergsma en Arjan Stroetinga it earste wykein tegearre. Reserve is Victor Ramler. Dy stiet in wike letter mei Bergsma yn de baan. Dan bliuwt Stroetinga oan de kant. Beide wrâldbekerwedstriden binne yn Thialf op It Hearrenfean.

Bûnscoach Jan Coopmans hat Sven Kramer en Ireen Wüst selektearre foar de ploege-achterfolging. Dy beide topriders ûntbrekke dizze moanne op it EK allround, omdat se har net kwalifisearre ha. It EK is yn it wykein fan 16 en 17 jannewaris yn Thialf.

Kramer sit by de wrâldbekerwedstriden yn in ploech mei Patrick Roest, Marcel Bosker, Chris Huizinga en Beau Snellink. Wüst foarmet it earste wrâldbekerwykein in ploech mei Melissa Wijfje, Carlijn Achtereekte, Joy Beune en Antoinette de Jong. Yn it twadde wykein nimt Irene Schouten it plak yn fan Wijfje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)