Provinsje wol 700.000 út regiodeal ynsette foar Holwert oan See

05 jan 2021 - 15:56

Deputearre Steaten wol 700.000 euro út de Regiodeal-middels beskikber stelle foar it projekt Holwert oan See. It is bedoeld om de faze oant it ûndertekenjen fan de gearwurkingsoerienkomst, dy't der ein 2021 lizze moat, te oerbrêgjen.

Foto: Provinsje Fryslân

Mei de regiodeal wol it Ryk de krêft fan de regio's yn Nederlân fersterkje. It Ryk wurket mei ferskate oare partijen gear yn de Regio Deal Noardeast-Fryslân en Holwert oan See.

It Ryk luts 25 miljoen euro út foar de leefberens fan it noardeasten fan Fryslân. Dêrfan giet 7 miljoen euro nei Holwert oan See. Earder sei it Waadfûns ek al 8,3 miljoen euro te ynvestearjen yn it projekt. Yn totaal is der 63 miljoen euro nedich foar it projekt dêr't de dyk by Holwert mei iepenmakke wurdt sadat der in tijmar ûntstiet.

Undersyk

Yn de faze dy't oerbrêge wurde moat, wurdt ûnder oare ûndersyk dien nei slik en sedimintaasje en it útfieren fan in hydrologysk model om de effekten fan it 'beleefmeer' te bepalen.

Dêrneist wurdt yn dy faze it ûntwerp foar de slûs en foar it behear en ûnderhâld fan de fargeul en it 'beleefmeer' útwurke. It jild is ek bedoeld foar it meitsjen fan in foarriedich ûntwerp foar it projekt Holwert oan See.

Provinsjale Steaten nimt op 31 maart 2021 in beslút oer oft it jild takend wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)