Himpkwekerij fûn oan Noordendorpstraat Ljouwert: fertochte (56) oanholden

05 jan 2021 - 15:47

De plysje hat tiisdeitemoarn yn in wente oan de Noordendorpstraat yn Ljouwert in himpkwekerij fûn. Yn it hûs waarden 72 planten en 320 himpstekjes oantroffen. Fierder fûn de plysje in gasdrukwapen, dat is yn beslach nommen. Tsjin in 56-jierrige fertochte sil de plysje in proses-ferbaal opmeitsje.

Foto: Shutterstock.com (Dmytro Tyshchenko)

De plysje die de ynfal nei in Meld Misdaad Anoniem-melding en tips fan minsken út de buert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)