Operaasje Fryske Flagge: Sierd van der Bij knypeaget út Súd-Afrika wei

Fan alle lannen op de ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike fertelt Sierd van der Bij, dy't yn april al yn lockdown siet, syn ferhaal út Súd-Afrika wei.
© Sierd van der Bij
It is dit jier al wer sân jier lyn dat Sierd van der Bij op in nochal ûngebrûklike wize yn Kaapstad bedarre. Hy is doe nammentlik mei freonen fan Grins nei Kaapstad ta lifte. Dêr learde er in famke kennen, en in jier letter ferhuze hy foar har nei Súd-Afrika.

'Thús-thús'

Ek al wennet er dus al in skoftke net mear oan de Dokkumer Ie, foar Sierd is it noch altyd thús, "it âld thús-thús" neamt er it. Syn famylje wennet noch foar in grut part yn dy omkriten. "Ik bin in bytsje útsketten," seit er, laitsjend.
"Elkenien komt hjir graach del," fertelt Sierd. Kaapstad sprekt neffens him dan ek ta de ferbylding. It hat oantrekkingskrêft. "Kaap de Goede Hoop is hjir krekt om de hoeke. Om't minsken hjir sa graach komme, kom ik net sa faak yn Fryslân."

In knypeach

De Fryske flagge sels is foar Sierd in knypeach nei syn komôf. "Ik ha hjir in Frysk flachje achter op de auto, mar dat soe ik yn Fryslân nea dwaan." Dat de flagge ek wol brûkt wurdt troch politike partijen of protestbewegingen moat er neat fan ha, skriuwt hy op de kaart. "It is leuk om Fries te wêzen, en it moat foaral ek leuk bliuwe."
Mei syn soan praat Sierd Frysk, ek al antwurdet dy yn it Ingelsk. "It is leuk om ien om my hinne te hawwen dêr't ik mei prate kin. Soms is it ús geheime koade," skriuwt er by syn foto. Op it strân dêr't dy foto makke is, kin er fanwege it coronafirus no net mear komme. "Dat is wol spitich. Dy foto is alwer fan in skoftke lyn."
Operaasje Fryske Flagge: Sierd van der Bij
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.
Al mear as 190 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.