203 nije coronabesmettingen, leger as deistige trochsneed (250)

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 203 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 44 minder as moandei, doe't 247 gefallen meld waarden. It deistige trochsneed is de ôfrûne wike 250.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân, nammentlik 42. Dêrnei komt Ljouwert (33).
Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel twa nije stjergefallen meld as gefolch fan corona, yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en Achtkarspelen. Gjin inkelde Fries rekke yn it sikehûs mei in coronabesmetting.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Gjin effekten lockdown

It oantal positive coronatests is ôfrûne wike mei 16 persint ôfnaam, mar it RIVM sjocht noch gjin 'oertsjûgjende effekten fan de lockdown' dy't op 15 desimber yngien is. Yn de ôfrûne wike kamen 56.440 besmettings foar it ljocht. Dat binne der dúdlik minder as de 67.388 fan in wike earder.
It oantal ôfnommen coronatests naam ôf mei goed 70.000 ta 368.126. It persintaazje positive tests rûn lykwols op fan 13 persint nei 13,7 persint.
It RIVM hâldt rekken mei de mooglikheid dat minsken nei de feestdagen "minder geneigd waren om zich te laten testen". It soe lykwols ek kinne dat de lockdown wól effekt hat en ienfâldichwei minder minsken klachten hawwe.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.