Frou fan Marrum krijt healjier sel en tbs foar brânstichting yn eigen hûs

In 41-jierrige frou fan Marrum dy't ôfrûne simmer har eigen hûs yn Marrum yn 'e brân stuts, moat fan de rjochter in healjier de sel yn en krijt tbs mei twangferpleging oplein. De frou hat al jierren psychyske problemen en is net folslein tarekkenber. Neffens saakkundigen is de frou in gefaar foar harsels en dêrom leit de rjochtbank maksimaal fjouwer jier tbs op.
© Shutterstock.com (Natalia Kopylcova)
De frou wenne yn in twa-ûnder-ien-kapwenning en dêrtroch hat har aksje ek gefaar foar de buorlju opsmiten. De frou stuts op 24 juny in steapel klean en papier yn 'e brân yn har eigen wente oan de Kerkstraat. Dêr leine ek spuitbussen op.
De frou is earder behannele foar har problemen, mar dy reguliere behanneling hat net it winske effekt opsmiten. It iepenbier ministearje easke in jier sel en tbs, mar om't oaren net fuortendaalks yn libbensgefaar west hawwe, hat de rjochter mar in healjier sel oplein.