Mei brêge yn Trynwâldsterdyk kinne bisten tusken natuergebieten ferhûzje

05 jan 2021 - 14:52

By Gytsjerk komt dit jier in brêge yn de Trynwâldsterdyk (N361), sa't bisten feilich fan de Grutte Wielen nei de Bouwepet en werom komme kinne. De brêge komt op 'e hichte fan de ôfslach fan de Rinia van Nautawei. Under de brêge kinne bisten likegoed troch it wetter as fia it lân nei de oare kant komme. Ek wurdt it foar reedriders en kanofarders mooglik om ûnder de brêge troch te kommen.

Foto: Google Street View

Op de Trynwâldsterdyk giet de snelheid omleech fan 80 nei 60 km/o. Kuierders moatte út Gytsjerk wei makliker nei de Bouwepet komme kinne. Yn 'e maitiid moat it wurk oan de faunapassaazje úteinsette.

(Advertinsje)
(Advertinsje)