Regeling Empatec komt ûnder finansjeel tafersjoch nei miljoenetekoart

05 jan 2021 - 17:05

De regeling tusken sosjale wurkfoarsjenning Empatec en seis Fryske gemeenten komt ûnder previntyf finansjeel tafersjoch fan de provinsje. De begrutting hie foar 15 desimber ferline jier oanlevere wurde moatten, mar dat is net bard. Omdat de mienskiplike regeling Fryslân-West, sa't it bestjoer offisjeel hjit, al sûnt 2018 struktureel te let is mei de stikken, kiest de provinsje no foar finansjeel tafersjoch.

-

It tafersjoch hâldt yn dat de provinsje it kommend jier mei de gemeenten wurkje sil oan in herstelplan om derfoar te soargjen dat de finansjele stikken fan de sosjale wurkfoarsjenner earder en op 'e tiid by de gemeenten en de provinsje binnen komme.

"As de stikken altyd te let binne, kinne je ek net goed meibestjoere", leit deputearre Sander de Rouwe út. "It soarget foar in soad argewaasje en stress. As soks ien kear bart, is dat net sa slim, mar it mei absolút net struktureel barre."

Empatec fersoarget yn seis gemeenten de wurkfoarsjenning foar minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk. Dat giet om Súdwest-Fryslân, Harns. Waadhoeke, De Fryske Marren, Skylge en Flylân.

Wurknimmers fan Empatec - Foto: Omrop Fryslân

It sosjaal wurkbedriuw hie ferline jier in tekoart fan fiif miljoen euro. Dat bedrach moast troch de seis gemeenten bypast wurde. Súdwest-Fryslân moast it measte betelje, omdat sy de measte minsken oan it wurk ha by Empatec. De ried fan Súdwest-Fryslân kundige in pear wike lyn in riedsenkête oan oer de finansjele tekoarten fan de wurkfoarsjenning.

Ferbettering

Sander de Rouwe is kritysk oer de gong fan saken by Empatec, mar sjocht ek mooglikheden foar ferbettering. "It kin en moat better, mar ik sjoch ek dat de bestjoerders fan de regeling en de minsken fan Empatec tige belutsen binne en de problemen graach oplosse wolle."

Foarsitter Boukje Tol fan de mienskiplike regeling woe tiisdei net reagearje op de maatregel fan de provinsje.

Deputearre Sander de Rouwe oer it previntyf finansjeel tafersjoch

(Advertinsje)
(Advertinsje)