Fideodeiboek: Sikehûs Tjongerschans makket him klear foar faksinaasje

05 jan 2021 - 14:26

Op It Hearrenfean binne de meiwurkers fan it sikehûs Tsjongerskâns dwaande mei de tariedingen foar it faksinearjen fan it personiel. "We witte noch net wannear't we de faksins krije, mar alles wurdt klearmakke", fertelt Elco Spoelstra, teamlieder op de intensive care. It is belangryk dat meiwurkers fan de intensive care gau faksinearre wurde, seit sikehûsapoteker Minke Jongsma. "Daar is uitval op dit moment echt problematisch."

Teamlieder Elco Spoelstra hâldt foar Omrop Fryslân in fideodeiboek by

Mear vlogs fan Elco Spoelstra en de oare vloggers fan de rige Berjochten út it hert sjen? Dat kin fia dizze dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)