Ljouwerter (21) langer fêst om smiten fakkels nei plysje mei jierwiksel

05 jan 2021 - 14:22

In man fan 21 jier út Ljouwert moat twa wiken langer yn de sel bliuwe om't er yn de âldjiersnacht brânende fakkels nei plysjes smiten ha soe. Hy waard oanholden op fertinking fan it besykjen fan it tabringen fan swier lichaamlik letsel, it misledigjen fan in amtner yn funksje en it fersetten by de oanhâlding.

Ljouwerter (21) langer fêst om smiten fakkels nei plysje

Yn de jierwiksel stjoerde de plysje in groep minsken fuort by it krúspunt fan it Hoeksterend en de Voorstreek yn de Ljouwerter binnenstêd. De groep die dat net. De fertochte rôp misledigingen nei de plysjes en smiet in brânende fakkel. Ien fan de plysjes koe de fakkel noch mar krekt ûntwike.

De fertochte naaide út en smiet in twadde brânende fakkel nei de plysjes dy't him efterfolgen. Dy fakkel kaam tsjin 'e foarholle fan ien fan de plysjes. Doe't de plysjes him pakten, fûnen se noch fiif fakkels. De man moat op 11 jannewaris foarkomme op in snelrjochtsitting.

Mear oanhâldingen

It ûndersyk nei de ûnrêst yn Ljouwert mei de jierwiksel giet troch. Der wurdt no sjoen nei kamerabylden. De plysje ferwachtet mear minsken oan te hâlden.

Foto: Kappers Media
(Advertinsje)
(Advertinsje)