Noardlike biblioteken ha it drok mei 'boeke-ôfhelservice'

05 jan 2021 - 13:56

Offisjeel binne se ticht, mar de biblioteken yn Noard-Fryslân ha it op dit stuit tige drok mei harren 'ôfhelservice'. No't de leden net sels mear troch de biblioteek strune kinne, bestelle se de boeken digitaal. De ôfrûne wiken kamen allinne yn de noardlike biblioteken al mear as 1.400 oanfragen binnen.

De 'ôfhelservice' is fergees foar de leden fan de biblioteken. Sy kinne op de webside fan de biblioteek fiif boeken fan harren foarkar trochjaan. De meiwurkers besykje dan safolle mooglik boeken by elkoar te sykjen. Minsken dy't muoite ha mei it digitaal ynfoljen fan harren bestelling, kinne it ek telefoanysk trochjaan.

"We hebben een soort sluis gemaakt bij de entree", fertelt gastfrou Els van Elden fan de biblioteek yn Dokkum. "De voordeur staat open, maar de andere deur is dicht. Mensen kunnen dus niet in de bibliotheek zelf komen. Ze kunnen hun boeken inleveren, het nieuwe pakketje oppakken en weer verder gaan."

Fjirtich minsken deis

Fanwegen alle oanfragen hat de biblioteek alle dagen romte foar sa'n fjirtich minsken dy't harren boeken ophelje kinne. De reaksjes fan de leden binne tige posityf, mar dochs misse se it sosjale kontakt yn 'e biblioteek. "Even een praatje maken en elkaar begroeten, dat is er in deze situatie niet bij", jout Van Elden ta.

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies
(Advertinsje)
(Advertinsje)