Geitefok bringt Jip-en-Jannekebyld werom nei Zaltbommel

05 jan 2021 - 12:49

Aldjiersferiening De Geitefok jout Zaltbommel takom wykein it stânbyld fan Jip en Janneke werom. De feriening út Aldeberkeap helle it byld begjin desimber fuort. Dat wie in statement foar behâld fan it duo, nei't in politika út Utrecht derfoar pleite om de boekjes fan Jip en Janneke fuort te heljen út de biblioteek, omdat dy te stereotypearjend en te rolbefêstigjend wêze soe.

Foto: Aldjiersferiening De Geitefok

"Reden genoeg voor De Geitefok om de twee buurkinderen uit de bekende kinderverhalen van hun sokkel te halen," skreau De Geitefok.

De Geitefok is de âldste âldjiersferiening fan it lân. Mei de stunt yn Zaltbommel fierde de feriening it 75-jierrich bestean. De Geitefok is kultureel erfgoed fan it Noarden, seit foarsitter Jan-Bart Hof. "Net als dat Jip en Janneke deel uitmaken van de landelijke Nederlandse cultuur. Wie is er niet groot mee geworden?"

Kultuerwethâlder Willem Posthouwer fan Zaltbommel nimt it stânbyld sneon yn ûntfangst. Dêrnei giet it fuortendaliks wer op de sokkel.

It ûnstean fan âldjiersferiening De Geitefok yn Aldeberkeap

(Advertinsje)
(Advertinsje)