Riedslid Doddema (CDA) stapt op om 'pineholle fan polityk Smellingerlân'

05 jan 2021 - 14:23

Hans Doddema (CDA) hâldt op as riedslid fan de gemeente Smellingerlân. Hy ferwyt it gemeentebestjoer 'in groanysk gebrek oan fyzje'. De riedsgearkomsten foelen him hieltyd swierder. "Ik kreeg er soms letterlijk hoofdpijn van."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Ein foarich jier drige Smellingerlân ûnder tafersjoch te kommen fan de provinsje, omdat de begrutting net sutend wie. Mei in besuniging op it grienûnderhâld koe de gemeente dat keare. Amtners wiene sa lilk oer de net-slutende gemeentebegrutting, dat se in brânbrief stjoerd ha oan de ried. Dat is tige útsûnderlik.

De gemeente wurdt bestjoerd troch in saneamd sakekolleezje. It eardere gemeentebestjoer wie net stabyl. Doe't foarich jier de fjirde wethâlder yn twa jier tiid opstapte, kaam dêr in ein oan.

"Ik dacht: ik moet dit niet voortzetten", seit Doddema. "Ergens moet je een streep trekken." It CDA moat no in nij riedslid oanwize.

"Ik zie geen verbetering"

Doddema is min te sprekken oer de gong fan saken op it gemeentehûs. "Die stuit me enorm tegen de borst. Er is een chronisch gebrek aan visie. De gemeente schiet tekort, in de zorg, in hoe we met de kwetsbaren omgaan. Daar bezuinigen we op. En ik zie geen verbetering. Het gaat alleen maar achteruit."

Doddema wit net wat er noch mear dwaan moat, om de sitewaasje te feroarjen. "Als ik dat wist, had ik het wel gedaan. Ik heb mijn best gedaan. Als ik in de raad zit, moet dat effect hebben. Maar ik zie de resultaten er niet komen."

"Over twee jaar zijn de reserves op"

It giet finansjeel net goed mei de gemeente. Doddema hat dêr soargen oer. As it sa trochgiet, stiet de gemeente oer twa jier ûnder tafersjoch fan de provinsje, seit er. "Dat is heel triest. Het gaat al jaren zo. Er zijn tientallen miljoenen uit de reserves gehaald om de begroting sluitend te krijgen. Dat kan nog twee jaar, dan zijn de reserves op."

It roer moat om, op it gemeentehûs, seit Doddema. "De manier waarop we met elkaar omgaan, waarop zaken worden voorgesteld die in praktijk anders blijken te zijn. Als zo'n cultuur blijft bestaan, gaan we geen resultaten bereiken."

It is noch net bekend wa't Doddema opfolget yn de gemeenteried fan Smellingerlân.

Harkje nei it ferhaal fan Hans Doddema

(Advertinsje)
(Advertinsje)