Botsing tusken twa auto's oan de Van Harinxmawei by Olterterp

Op de krusing fan de Van Harinxmawei mei de Aldhôf by Olterterp binne tiisdeitemoarn twa auto's mei-inoar yn botsing kaam. Ien fan de bestjoerders is troch ambulânsepersoniel behannele en meinaam nei it sikehûs. Der is net bekend makke hoe slim de persoan krekt ferwûne is.
© SRFotografie
Njonken in ambulânse binne der ek trije plysjeweinen op it plak fan it ûngelok kaam. De plysje hat de dyk ôfsletten foar it oare ferkear en docht ûndersyk nei it ûngelok. De auto's rekken flink skansearre.