Allinnich Achtkarspelen en Ljouwert ha genôch stimburoleden foar de ferkiezingen

05 jan 2021 - 11:01

Fan de achttjin Fryske gemeenten ha op it stuit allinnich Achtkarspelen en Ljouwert genôch minsken om de stimburo's te behearen by de Twadde Keamerferkiezingen yn maart. By de ferkiezingen binne ekstra meiwurkers nedich fanwege de coronamaatregels.

Foto: ANP

In goede moanne lyn sette in kampanje útein om oan ekstra stimburoleden te kommen. It ministearje fan Ynlânske Saken hat tiisdei in oersjoch nei bûten brocht fan gemeenten dy't yntusken genôch minsken ha. Fan de 352 Nederlânske gemeenten ha no 50 genôch leden en tellers.

Mear stimburoleden nedich

De ferkiezingen binne op woansdei 17 maart. In tal stimburo's is ek op de moandei en tiisdei iepen. Yn totaal binne der goed 70.000 stimburoleden en tellers nedich. Fanwege it coronafirus binne dat mear as gewoanwei, want alle stimburo's ha no minstens fjouwer leden yn stee fan trije. Dy ekstra persoan sjocht derop ta dat it net te drok wurdt. Dy freget de kiezers ek om de hannen te waskjen en om ôfstân te hâlden.

De gemeente Ljouwert hie yn totaal 720 minsken nedich. Der binne njoggentich stimburo's yn de hiele gemeente. Elk stimburo hat acht leden dy't elkoar ôfwikselje yn shifts fan fjouwer minsken. Yn Achtkarspelen hienen se 172 minsken nedich.

(Advertinsje)
(Advertinsje)