Fryske toptennisser Arends begjint 2021 mei doelleaze reis nei positive coronatest

05 jan 2021 - 10:29

Foar tennisser Sander Arends is it nije jier net goed begûn. De Ljouwerter dûbeldspesjalist reizge dit wykein ôf nei Turkije, om dêr tegearre mei de Nederlanner Matwé Middelkoop mei te dwaan oan it ATP-toernoai fan Antalya. Mar nei in positive coronatest fan syn dûbeldmaat moast Arends wer werom. Earder seach er in plak op de Australian Open al op it lêste momint oan syn noas foarby gean.

Foto: ANP

Yn desimber wiene Arends en Middelkoop noch Nederlânsk kampioen yn it dûbeldspul wurden. De Fryske tennisser is dan ek bot teloarsteld dat er no net meidwaan kin yn Turkije: "Dit is geen lekkere start van het jaar zo."

"Ik heb maandag een dag in quarantaine gezeten, en reis dinsdag terug naar Nederland. Gelukkig kan ik zelf een negatieve coronatest overleggen. Ik deelde geen hotelkamer met Matwé, dus in die zin lijkt het voor mij mee te vallen."

Australian Open

De doelleaze reis is foar Arends al de twadde grutte teloarstelling fan it nije jier. Op it lêste momint seach syn plak op de Australian Open ek yn reek opgean. Dat is ien fan de fjouwer grutste toernoaien fan it jier.

"Vijf minuten voor het einde van de inschrijving kreeg ik te horen dat de jongen met wie ik mee wilde doen, de Spanjaard Andujar, toch liever meedeed met Martinez. Dat is een goede vriend van hem. Daarna had ik in die korte tijd geen andere opties meer. Hopelijk heb ik daarmee alle negativiteit voor dit jaar wel gehad."

Sander Arends

(Advertinsje)
(Advertinsje)