Undernimmingsried Caparis lûkt rjochtsaak tsjin eigen direkteur yn

05 jan 2021 - 10:27

De Undernimmingsried (UR) fan Caparis lûkt de rjochtsaken yn dy't se oanspand hie tsjin de direkteur fan Caparis, Alex Bonnema. Oanlieding foar de rjochtsaken wie de minne relaasje tusken de UR en de direkteur fan de sosjale wurkfoarsjenning.

Foto: Caparis

De kantonrjochter hat de UR derop wiisd dat it foar beide partijen belangryk is om gear te wurkjen en hat derop oantrune om it konflikt op te lossen. De UR hat ûnder lieding fan in mediator praat mei de direkteur. Dêr is dúdlik wurden dat der hieltyd mear wantrouwen kaam tusken beide partijen. "De OR is in de mediation tot het inzicht gekomen dat hij op basis van verkeerde aannames, verkeerde conclusies heeft getrokken over de integriteit van de directeur", skriuwt foarsitter Marie Markhorst fan de Undernimmingsried.

UR hat ekskuzen makke

Markhorst skriuwt ek dat wat de UR sein hat de direkteur djip rekke hat en dat de reputaasje fan de direkteur dêrtroch ek skeind is. "De OR betreurt het ten zeerste dat het zover is gekomen en heeft hiervoor zijn excuses gemaakt aan de directeur. De OR ziet nu in dat hij hiermee niet in het belang van Caparis en haar medewerkers heeft gehandeld."

De UR en de direkteur ha tsjinelkoar sein dat se der yn de takomst alles oan dwaan sille om foar te kommen dat der opnij in konflikt ûntstiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)