Kollum: "Sûnder nacht sjochst de stjerren net"

05 jan 2021 - 08:17

"It is in merakel dat in bytsje fan 2021 al in protte fan 2020 ferdwine litte kin. Sa giet it my, teminsten. In gefoel fan datst sûnder de nacht de stjerren net sjen kinst. Dy nacht ha wy, dochs ljochtsje de stjerren oan de himel.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

Nei sa'n sabeare poëtyske ynlieding soest it net sizze, mar ik tink dêrby oan de lucht fan fette en faak te djoere patat, oan it mei in folle blaas wachtsjen foar in piskrús dêr't de ynhâld fan oer de rânen skommet, oan it wâdzjen troch de modder nei alwer in stoartbui.

Ik tink oan it byinoar kommen fan freonen en kunde yn in broeierige festivaltinte, oan de ienheid en de ferbûnens fan minsken dy't fan deselde muzyk hâlde. Of just net, mar dy't wol slim genietsje fan de sfear. Ik tink oan it opfoljen fan it gat yn myn kultuer. Sa't dat gat nei alle gedachten ek yn jimmes sit.

Wy longerje allegear nei it opfoljen dêrfan. Nei it momint dat de festivalpoarten iepenswaaie, de doarren fan musea, nei de oankundiging fan it bestjoer dat de oefenjûnen fan it korps wer begjinne, dy fan de fanfare en de brassbands. Allegear sjogge wy út nei de dei dat in iepenloftspul te bewûnderjen is, dat it programmaboekje fan in teäter op de matte falt.

Sûnder kultuer is de maatskippij in lege húl. Datselde sei Angela Merkel, doe't se har stipe oan de kultuersektor presintearre: 'Kultuer is elemintêr foar de maatskiplike gearhing.' Just omdat kultuer sa wichtich is, soe de rol dêrfan deselde privileezjes ha moatte as dy fan religy. Dat skriuwt studinte Laura Vendrik yn in stik yn de Volkskrant. Nei oanlieding fan de argewaasje oer it iepenbliuwen fan tsjerken en it ticht moatten fan teäters, musea en bioskopen, stelt sy foar om in update fan religyfrijheid út te fieren. Want lykas de tsjerke is de skouboarch in plak foar ferearing, bemoedigjen en besinning. Kin in kultureel fenomeen as it bywenjen fan konserten as in religieus ferskynsel sjoen wurde.

Behalve it 'sieleheil' fan religy is it aspekt 'geastesheil' op syn minst like wichtich: de prikkels en de ynspiraasje dy't religy jout om de geast sûn te hâlden. Dat is ek it punt dêr't kulturele ynstellings de tsjerke ynhelle ha. Kloften minsken fiele ommers ferdjipping en ferbining troch nei muzyk te harkjen, troch in skilderij te bewûnderjen of in toanielstik mei te meitsjen.

Psychysk wolwêzen is essinsjeel foar in goed libben. Dêryn hat kultuer hjoed-de-dei in grutter part noch as religy. De update fan religyfrijheid betsjut in lykstellen dêroan fan kulturele ynstellings en uteringen. It iene iepen, dan it oare ek. Foar it geastesheil fan alle minsken. Ik sjoch de stjerren twinkeljen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)