Start-ups yn de coronaproblemen kinne wer liening oanfreegje

05 jan 2021 - 07:32

Start-ups dy't troch de coronakrisis yn de problemen reitsje, kinne sûnt dizze wike opnij oanklopje by it ministearje fan Ekonomyske Saken foar in 'corona-overbruggingslening' (COL). It is de twadde kear dat start-ups dat dwaan kinne. By de earste kear bleau in soad jild lizzen, mar Rob Drees fan de Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij tinkt dat der wol in grut ferlet is fan de lieningen.

Foto: Pikrepo

Der waard wol in soad oanfrege yn de earste termyn, mar net alles waard takend. "Er is zo'n 35 miljoen euro blijven liggen, dat is ongeveer tien procent", fertelt Drees. "Een groot deel viel buiten de doelgroep. Zo waren er veel ondernemingen waar al een probleem was voor de coronacrisis. En de regeling is vooral bedoeld om een overbrugging te slaan voor de bedrijven die echt door corona in de problemen zijn geraakt. Daar moest een duidelijk verband zijn."

Krekt bûten de boat

De COL is in aparte regeling foar start-ups. Sa'n aparte regeling is nedich, neffens Drees. "Alle maatregelen zijn gericht op bestaande ondernemingen." In protte regelingen wiene ek regele fia de banken. "Maar veel start-ups zitten net buiten alle selectiecriteria en vallen daardoor vaak buiten de boot. Ze zitten nog in de ontwikkeling van een product."

Start-ups wichtich foar de takomst

It is wol hiel wichtich dat de start-ups holpen wurde. "Ze zijn de basis van de opbouw van de economie", leit Drees út. "Daar ontstaan de nieuwe ideeën en nieuwe producten die de weg zijn naar de toekomst."

Hoefolle oft der krekt oanfrege wurdt yn dizze twadde termyn, dy't oant ein juny duorret, fynt Drees dreech om te foarsizzen. "We hebben al een grote piek gehad, met name in het eerste deel van 2020. Maar met de tweede coronapiek en deze lockdown is het vel bij veel bedrijven weer van de botten. De aanvragen komen wel weer binnen, de behoefte is er zeker."

De lieningen wurde beskikber steld troch de acht Regionale Ontwikkelingsmaatschappijen (ROM's). De Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij fan Drees is dêr ien fan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)