Burgumer op list fan Piratenpartij: "De Piratenpartij snapt it"

Mei ien prosint fan de kiezers yn maart soenen se al hiel wiis wêze: de Piratenpartij. Burgumer Wietze Brandsma, dy't op plak seis fan de kandidatelist stiet, soe dan sels net yn de Twadde Keamer komme, mar: "Mei sa'n lyts persintaazje kiezers binne de measte nije partijen de lêste tiid yn de Keamer kaam."
© ANP / Piratenpartij
Ien prosint fan de kiezers soe delkomme op ien of twa sitten. De Piratenpartij bestiet sûnt 2010, mar krige noch nea genôch stimmen foar in sit. Dêr wurdt it no tiid foar, as it oan Brandsma (58) leit. Hy hearde sels yn 2012 foar it earst fan de partij. "Ik bin software-ûntwikkelder en de Piratenpartij is tsjin in ynformaasjemonopoalje, tsjin it misbrûk fan patinten en auteursrjocht. Doe tocht ik: de Piratenpartij snapt it."

Earlikere ekonomy

Brandsma melde him oan by de partij en is sûnt dy tiid aktyf achter de skermen. No hat er meiskreaun oan it programma foar de ferkiezingen yn maart. De klam yn it programma leit op de digitale wrâld en monopoaljes op de merken. "Dêr wurdt te min oan dien, elkenien hat dêr lêst fan. Tink oan de molkpriis foar boeren." Troch tsjin sokke monopoaljes te striden, moat de ekonomy earliker wurde. "We moatte in nije rjochting ynslaan, want op de âlde manier rint de ekonomy fêst. Dy is net warber en fearkrêftich genôch."
De kâns dat Brandsma sels yn de Keamer komt is net hiel grut. "Minsken út it Noarden kinne fansels altyd op in Fries stimme. Mar de top 3 moat it programma oan de man bringe en ferkeapje. As der mar in pear yn de Keamer komme, dan kinne we fulltime oan ús programma wurkje."