CBS: Mear krimpgebieten yn Fryslân troch ferhuzingen en ôfnimmende ymmigraasje

05 jan 2021 - 06:00

De befolkingsgroei yn Fryslân is yn 2020 noch lytser as it jier derfoar. Yn 2019 naam yn trije fan de achttjin Fryske gemeente de befolking ôf, mar yn 2020 barde dat yn sân fan de achttjin gemeenten. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) dy't tiisdei ferskine.

Foto: Omrop Fryslân

Op Skiermûntseach, Skylge, yn Smellingerlân, Eaststellingwerf, Súdwest-Fryslân, Tytsjerksteradiel en Waadhoeke is de befolking ferline jier krompen. It jier derfoar barde dat noch allinnich yn Harns, Eaststellingwerf en Achtkarspelen.

De grutste delgong fan de befolking wie ôfrûne jier op Skiermûntseach. It eilân hat lykwols sa'n lyts ynwennertal, dat mei in pear ferhuzingen de befolking al bot krimpt. De earste grutte gemeente mei krimp is Smellingerlân. De krimp dêr is benammen te witen oan in grut oantal ferhuzingen nei oare gemeenten.

Oer de hiele breedte is de krimp yn Fryske gemeenten te witen oan ôfnimmende ymmigraasje. Dy wie yn Smellingerlân noch reedlik heech, mar koe it grutte tal ferhuzingen net kompensearje.

Sjochst ûndersteande grafiken net goed, klik dan hjir

De grutste befolkingsgroei ferline jier wie op Flylân, mar ek hjir jildt dat de Flylânske mienskip in hiel lytse is. As der mar in pear minsken nei Flylân ferhúzje, groeit de befolking prosintueel hiel hurd.

De earste grutte gemeente mei in befolkingsgroei is Weststellingwerf. Foar elke tûzen ynwenners fan dizze gemeente kamen dêr yn 2020 hast tsien ynwenners by troch ferhuzingen út oare gemeenten wei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)