Boargemasters sûnder nijjiersbuorrel: hoe wie 2020 foar harren en wat stiet der op de ferlanglist?

04 jan 2021 - 23:02

Gjin nijjiersbuorrels, bitterballen en taspraken dit jier by de Fryske gemeenten. It coronaspûk waret noch hieltyd om troch de provinsje en we binne oant 19 jannewaris noch yn lockdown. De iene boargemaster stjoert in fideoboadskip de wrâld yn, de oare in brief oan de boargers en guon dogge hielendal neat. Mar hoe sjogge se werom op it ôfrûne jier, en wat stiet der op it ferlanglistje foar 2021? We fregen it oan fjouwer boargemasters.

Boargemaster Roel Sluiter fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Foar boargemaster Roel Sluiter fan Harns is it de lêste kear dat er in nijjiersboadskip foar syn ynwenners útsprekke kin. Nei njoggen jier hâldt er der mei op yn maaie. Hoe sjocht hy werom op syn lêste jier? "Als het specifiek gaat om wat ik als burgemeester anders heb meegemaakt, is vooral dat er heel erg veel niet doorging. En dat was natuurlijk wel heel jammer. Harlingen staat bekend om zijn evenementen en feestelijkheden en die zijn afgelopen jaar allemaal niet doorgegaan. Verder zijn we er wel goed doorgekomen en zijn er ook wel positieve dingen te melden."

Sluiter sjocht mei mingde gefoelens út nei syn ôfskied. "Inmiddels heb ik wel een voorstelling van mijn leven na het burgemeesterschap, waarvan ik denk: daar heb ik best zin in. Aan de ander kant vind ik het toch, en het is mijn eigen keuze geweest, heel jammer om het allemaal vaarwel te zeggen." Hy bliuwt foarearst wol wenjen yn Harns. "Het is niet van: klusje gedaan, nou ga ik weg en aju." Sluiter wurdt yn maaie opfolge troch Ina Sjerps út Den Haag.

Aktiviteiten mist op It Amelân

Boargemaster Leo Pieter Stoel fan de gemeente Amelân is dwaande mei syn earste amtsjier op it eilân. It wie foar him in bysûnder jier, seit er. "Allerlei gekke dingen die er natuurlijk gebeurd zijn het afgelopen jaar. Bijzondere dingen, verdrietige dingen en ook heel leuke dingen die op het eiland gebeurd zijn. Het is een gek jaar geweest."

Troch de coronakrisis hat er in soad eilanner aktiviteiten net meimakke, mar hy sjocht mei betrouwen dit jier temjitte. "Ik hoop al die leuke dingen die normaalgesproken op het eiland worden georganiseerd mee te kunnen maken. Ik hoop dat we niet de verdrietige dingen mee gaan maken die we het afgelopen jaar hebben gezien. Ik hoop dat ook het vertrouwen van mensen met de vaccinaties straks beter is en ze weer vol goede moed het nieuwe jaar in zullen gaan en er een mooi jaar van zullen maken."

Boargemasters Roel Sluiter fan Harns en Leo Pieter Stoel fan gemeente Amelân

En hoe sjocht boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel werom op it ôfrûne jier? "Ik fyn it in bizar jier, eins in rollercoaster. Dy stiet net foar neat op nûmer ien yn de Top 2000." Hy doelt benammen op it coronafirus. "Eins hat it firus de regy oer ús libben en oer ús mienskip oernaam." Gebben hopet dat it âlde normaal wer weromkomt. "Dat we elkoar wer fysyk treffe kinne, dat de spontaniteit wer weromkomt."

Op it mêd fan de gemeentepolityk wol er de rêst werom. "Gewoan de rêst bewarje, kalm goede saken dwaan foar ús gemeente. We meie noch in fol jier mei elkoar dwaande, want begjin 2022 binne de gemeenteriedsferkiezingen."

Inketswart begjin yn Smellingerlân

Yn Smellingerlân hat boargemaster Jan Rijpstra in ûnrêstich jier achter de rêch. "Dat begon natuurlijk inktzwart met de jongeman die met een messteek om het leven is gekomen, Roan Brilstra. De grote stille tocht die we hier hadden op 1 januari met duizenden jongeren en ook ouderen. Dat was het begin van 2020. Vervolgens kwamen we in maart uit en sloeg de corona toe. En dan overheerst dat alles."

Ek yn de polityk wie it ûnrêstich, de gemeente ûntkaam bygelyks mar krekt oan finansjeel tafersjoch fan de provinsje. mar dat wie neffens Rijpstra neat yn fergeliking mei it firus. "We hebben in Smallingerland aardig wat politieke perikelen gehad, maar als je die moet afstrepen tegenover de corona dan is corona natuurlijk vele malen ernstiger."

Hy hat noch wol wat te winskjen oer foar 2021. "Mijn wensenlijst is eigenlijk, dat ik hoop en daar zullen we zelf ook wel ons best voor gaan doen, dat de mensen elkaar toch weer wat meer gaan opzoeken." En wat de gemeentepolityk oanbelanget? "Mijn gevoel is dat we de weg omhoog aan het lopen zijn. Er is meer begrip onderling en de debatten beginnen ook op een hoog niveau te komen."

Boargemasters Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel en Jan Rijpstra fan Smellingerlân

(Advertinsje)
(Advertinsje)