Sikehûs MCL begjint woansdei mei faksinearjen: "Verwachten veel belangstelling"

Yn sikehûs MCL yn Ljouwert wurdt woansdei dochs begûn mei it ynintsjen fan meiwurkers yn de akute soarch. Dat meldt it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland (AZNN). Der wurdt begûn mei it faksinearjen fan meiwurkers fan de intensive care, de spoedeaskjende help en ambulânsepersoniel.
© Shutterstock
Earder die bliken út in rûnfraach fan Omrop Fryslân by de Fryske sikehuzen del dat der woansdei noch net begûn wurde soe mei it faksinearjen, om't se noch gjin faksins hiene. Mar no komme der dochs faksins tsjin it coronafirus nei Ljouwert ta. Wurdfierder Frits Mostert fan it MCL kin noch net sizze om hoefolle faksins it presys giet. "Maar het is in ieder geval genoeg om mensen op de spoedeisende hulp, de intensive care en de coronaverpleegafdeling van een vaccin te voorzien."
Ek it UMCG yn Grins en it Wilhelmina sikehûs yn Assen krije de faksins. Yn Fryslân is bewust foar it MCL keazen, seit Mostert. "De ambulancemedewerkers gaan ook mee in deze vaccinatieronde. Er is voor gekozen om op één locatie in Fryslân te vaccineren." De oare lytsere sikehuzen folgje sa gau as mooglik, seit it AZNN.
We hebben de indruk dat mensen die in de coronazorg werken eerder geneigd zijn om een vaccin te nemen. Ze zien wat het coronavirus met mensen kan doen.
Frits Mostert fan it MCL
MCL-meiwurkers dy't foar in faksin yn oanmerking komme, kinne har tiisdei ynskriuwe. "Hoeveel het er precies zijn, daar heb ik nog geen goed beeld van", seit Mostert. "Maar de verwachting is dat er veel belangstelling is. Het is altijd een keuze van de mensen zelf, maar we hebben de indruk dat mensen die in de coronazorg werken eerder geneigd zijn om een vaccin te nemen. Ze zien wat het coronavirus met mensen kan doen."

Faksinearjen moat gau

Lanlik komme der 33.000 faksins beskikber foar meiwurkers yn de akutesoarchketen, 10,5 persint dêrfan giet nei Noard-Nederlân. It faksinearjen kin ek net te lang duorje. "Die vaccins moeten bij een zeer lage temperatuur worden bewaard. Als ze ontdooien, zijn ze beperkt houdbaar."
Frits Mostert fan it MCL