Wethâlder Hedwich Rinkes: "Strukturele stipe oan minsken yn de bystân moat opjûn wurde"

04 jan 2021 - 19:14

"Help fan famylje en freonen oan minsken yn de bystân is weardefol, mar as dy stipe in struktureel karakter hat, dan moat dat meld wurde by de gemeente." Dat seit wethâlder Hedwich Rinkes (CDA) fan de gemeente Hearrenfean yn har reaksje op krityske fragen fan ferskate politike partijen oer it weromfoarderjen fan tûzenen euro's fan minsken yn de bystân dy't geregeld boadskippen fan famylje krigen.

Wethâlder Hedwig Rinkes

"As je in kado krije of by famylje ite, hoege je dat fansels net te melden. Mar as je alle wiken libbensmiddels krije, kin it bedrach út de bystân oanpast wurde, want oan de bystân binne wetlike regels ferbûn." Wethâlder Rinkes fynt dat in diskusje oer dy regels eins thúsheart op lanlik polityk nivo. "Je kinne je ôffreegje oft de bystân wol genôch is om alle ûnkosten fan betelje te kinnen."

As gemeente moat Hearrenfean de partisipaasjewet en de byhearrende regels útfiere. Al te folle romte om dy regels soepeler ta te passen, hat de gemeente neffens de wethâlder net. "Mar ik fyn it hiel goed om hjir mei de ried oer te praten en ús feroardering nochris goed tsjin it ljocht te hâlden." De gemeente Hearrenfean wol de regels graach útfiere 'mei holle en hert', sa seit de wethâlder.

Kontrôles yn keukenkastkes

Yn de gemeente Hearrenfean krije 1300 minsken in bystânsútkearing. Kontrôles yn keukenkastkes fan minsken om te sjen watfoar boadskippen dêr steane, binne en bliuwe in hege útsûndering, sa seit de wethâlder. "Wy dogge dat it leafst hielendal net. Mar as wy ynformaasje trochkrije fan it Inlichtingenbureau binne wy ferplichte om dy op te folgjen." Om dat foar te kommen, is it belangryk dat minsken yn de bystân feroarings yn har situaasje melde by harren kontaktamtner, sa seit de wethâlder.

Op fersyk fan GrienLinks sil de gemeenteried fan Hearrenfean op koarte termyn prate oer it tapassen fan de bystânswet troch de gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)