Skea troch karbidkanon by Jouster hotel grutter; boargemaster Veenstra fol ûnbegryp

De skea by hotel Anne-Klare op De Jouwer is noch grutter as earst tocht waard. Op âldjiersjûn is dêr in karbidkanon ôfsketten. Sa binne net allinnich de ruten kapot knald, mar ek de kezinen binne folslein út harren ferbân skuord. Fierder moatte ferskate apparaten, bygelyks in djoer kofjesetapparaat en in sapsintrifúzje, hielendal skjinmakke wurde om't der lytse stikjes glês yn bedarre binne. Ek binne nei de knal mei it karbidkanon de stoppen trochslein, wêrtroch't al it guod út kuolkasten en frieskisten fuortsmiten wurde moat.
Skea troch karbidkanon by Jouster hotel grutter
Dat de groep manlju dy't op âldjiersjûn op De Jouwer sa'n soad skea feroarsake hat mei it karbidkanon dy skea fergoedzje wol, dêrmei is de saak net dien. Dat seit boargemaster Fred Veenstra fan gemeente De Fryske Marren. De knal fan it kanon wie dan miskien net mei opsetsin, dat se der mei troch it doarp rieden, kin net sûnder gefolgen bliuwe, fynt Veenstra. Hy doelt dan op de juridyske kant fan de saak.
Veenstra hat de bylden fan de ûntploffing ek besjoen. "Dan tinkst, hoe dom kinst wêze om mei sa'n karbidtank, sa'n grutte jarretank, hjir troch it doarp te riden?" Hy fynt it goed dat de fertochten harren meld ha: "Mar oars wiene se binnen in dei ek wol trasearre, want der wiene genôch oanwizingen dy't nei de dieders liede soene."
Boargemaster Fred Veenstra
Neffens Veenstra is der sprake fan in swiere oertrêding of sels in misdied. "Hjir is gefaar foar gebouwen en foar minsken ta stân brocht, dat hat natuerlik wol syn gefolgen. Der is oanjefte dien, dy sil nei justysje gean en justysje sil dêr in beslút oer nimme moatte. Dit is net samar klear."
It binne folwoeksen manlju dy't dit dien ha, dy moatte mar ris even op de blierren sitte.
Fred Veenstra, boargemaster fan gemeente De Fryske Marren
Der rinne op it stuit twa donearaksjes nei oanlieding fan it ynsidint. By de earste, spesifyk bedoeld foar de eigeners fan it hotel, stiet de teller op sa'n 2.000 euro. Nei it barren hearde inisjatyfnimster Coby Soolsma fan ferskate minsken dat se wat dwaan woene. "Der moast in donaasje-aksje komme, seine minsken. Mar gjinien ûndernaam aksje, dus doe ha ik dat sels mar dien."
Der rint ek noch in twadde donearaksje. By de omskriuwing stiet: 'Allemaal jong geweest. Carbid akkefietje'. De motivaasje foar dizze jildynsammelaksje lêst: "Na een vervelende inschattingsfout willen we de jongens die zichzelf hebben gemeld en staan voor de schade een hart onder de riem steken!! Elk weekend wordt er door het hele land van alles vernield en niemand is thuis. Deze jongens wel." Dizze twadde aksje hat al hast 24.000 euro oan donaasjes opsmiten.
© Martin de Jong Fotografie
It liket derop dat in soad minsken tinke dat ek it jild fan de twadde donearaksje streekrjocht nei de eigeners fan hotel Anne-Klare giet. Hoewol't de fertochten oanjûn hawwe dat se de skea fergoedzje wolle, betsjut it net dat it folsleine bedrach dat ophelle wurdt automatysk oermakke wurdt.
Boargemaster Veenstra begrypt net sa goed dat minsken jild jouwe foar de groep fertochten, ûnder it mom fan 'goed dat jim je meld ha, dat dogge echte manlju'. "Ik fyn dat in hiel bysûndere útlis fan dizze situaasje. Myn namme stiet net by de donearders", seit Veenstra. Hy hat begrutsjen mei de dupearre hoteleigeners en oare minsken dy't skea oprûn ha. "Dêr moatte we nei útsjen en de manlju, it binne folwoeksen manlju dy't dit dien ha, moatte mar ris even op de blierren sitte."
© De Vries Media
De eigener fan hotel Anne-Klare oer de skea yn har hotel
Eigener Anne-Klare Anker lit sjen dat de skea grutter is as allinne it stikkene glês: de ruten en knieren dy't derút sprongen, de stikkene doarren, de isolaasje dy't tefoarskyn kaam yn ien fan de keamers nei de eksploazje. Yn wer in oare keamer kaam boppedat de fentilaasje út it plafond fallen, fanwegen de luchtdruk. "Bij ons thuis kwamen ook gesneden voegen uit het pand zelf zetten", seit Anker. "Ik weet niet waar ze vandaan komen, maar ze liggen wel op de stoep van het pand, dus het moet ergens uitgeslagen zijn."

"Duizend scherven uit de bank gehaald"

Thús fynt se noch hieltiten oeral glês. "Ik haal nog steeds duizend scherven uit de bank na drie keer te hebben gezogen", seit se. "Eerst was het nog een roes: niet te begrijpen, niet te bevatten." Mar yntusken komt it besef bytsje by bytsje. "Je moet door", seit Anker, dy't no krekt de earste boekingen wer binnen hat. "We hopen binnen twee weken toch weer een beetje op de rit te zijn."
Advokaat Bas Altena oer wat de hoteleigeners dwaan kinne