Fertochten fan brânstichtingsplannen Twizelerheide op frije fuotten

04 jan 2021 - 17:05

De trije mannen fan 33, 36 en 37 jier út Twizelerheide, dy't fertocht wurde fan it plan om brân te stichtsjen by de jierwiksel, binne op nijjiersdei frijlitten. It trijetal waard op 30 desimber oppakt. "De politie had concrete informatie over de plannen binnengekregen", seit it Iepenbier Ministearje.

Foto: De Vries Media

It wie net nedich harren foarkomme te litten by de rjochter-kommissaris, om't pas nei de 'gevangenhouding' fan trije dagen beslist wurde moat oer de bewarring foar in mooglik langere termyn. De fertochten waarden op de tredde dei fan de 'gevangenhouding' frijlitten, dus wie foarlieden net nedich. De mannen bliuwe wol fertochte yn de saak.

It ûndersyk is noch net ôfrûn, dus kin der ek noch neat sein wurde oer eventuele strafrjochtlike ferfolging. "Pas na het afronden van het onderzoek, kan de Officier van Justitie een vervolgingsbeslissing maken." Wannear't it ûndersyk wol dien is, is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)