Sanjes Safari begjint aksje: adoptearje in bist

04 jan 2021 - 16:55

Sanjes Safari yn Feanwâlden hat troch de coronakrisis minder besikers lutsen. Kamen der earder 50.000 minsken yn it jier, troch corona sakke dat nei krekt boppe de 30.000. De kosten foar it fersoargjen fan de bisten geane wol gewoan troch en dêrom is no in aksje betocht: adoptearje in bist.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Partikulieren of bedriuwen kinne it park stypje mei jild. Wat heger dat bedrach, wat mear der tsjinoer stiet. Fan 100 euro ôf krijt men 4 frijkaarten en by 200 euro of mear wurdt de namme fan de stiper in jier lang fermeld by it ferbliuw. Mar stipe fan 25 euro kin ek.

Eigener Wimer Visbeek hopet sa in pear tûzen euro op te heljen. Kamiel Boris is de 'topper', hy is de djoerste, hy kostet 500 euro.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Striemin jier

"We ha in striemin jier hân en tinke geregeld: hoe komt it allegear?" seit Wimer Visbeek. "We misse 40 prosint fan ús gasten troch corona, mar de bisten moatte wol fersoarge wurde, ek al is it park ticht. Fansels ha we neitocht hoe't we besunigje koenen, want der komt neat binnen. It hoarekapersoniel sit al thús, mar de dierfersoarging giet elke dei troch, mei it iten en it skjinmeitsjen. We binne deis mei twa fersoargers dwaande en dat sân dagen yn de wike." Sanjes hat 45 bistesoarten.

"Us hert leit hjir"

De stipe fan it regear neamt Visbeek in drip op in gloeiende plaat. "We krije mar fjouwer prosint kompensearre." It is dreech. "It is in famyljebedriuw, fansels moat it bedriuw oerein bliuwe, want ús hert leit hjir."

Foto: Sanjes

Ferslachjouwer Willem de Vries is yn Sanjes Safari

It beslút foar de donearaksje wie bêst wol dreech. "As ûndernimmer fregest net samar om help. We ha der wol earder oer neitocht, fan it simmer, mar doe koenen we wer iepen. Mar no begjint it wol te knipen."

Foar 25 euro krijt de stiper in oarkonde mei in foto fan it bist. Op de webside fan Sanjes Safari stiet alle ynformaasje. "We binne bliid mei elke euro dy't we krije."

Foto: Sanjes

Ferslachjouwer Willem de Vries is yn Sanjes Safari (2)

(Advertinsje)
(Advertinsje)