FIDEO: Lêste Alvestêdetocht wie 24 jier lyn: 4 jannewaris 1997

04 jan 2021 - 16:39

It is dizze 4 jannewaris presys 24 jier ferlyn dat de lêste Alvestêdetocht reedriden waard: op 4 jannewaris 1997. In eventuele tocht sil ek dit jier troch corona net riden wurde. Wat dan oerbliuwt, binne de oantinkens.

Reedridersmuseum Hylpen

It wie in spannende finish tusken Henk Angenent en Erik Hulzebosch, earstneamde wûn.

Yn it reedrydmuseum yn Hylpen steane tal fan saken dy't tinken dogge oan Alvestêdetocht, mar troch corona is it aaklik stil yn it museum.

Winneres by de froulju Klasina Seinstra sjocht werom op dy dei

(Advertinsje)
(Advertinsje)