Faksinearjen begjint woansdei noch net yn Fryske sikehuzen; faksins binne der net

04 jan 2021 - 16:22

Dizze woansdei kin noch net faksinearre wurde yn de Fryske sikehûzen, dat blykt út in rûnfraach fan Omrop Fryslân. De Fryske sikehuzen jouwe oan dat se noch gjin faksins ha. Dat wurdt earst levere oan tsien sintrale sikehuzen en dy soargje foar fierdere fersprieding.

Foto: Shutterstock.com / Halfpoint

It faksin is al wol yn Brabân. Minister Hugo de Jonge fan Volksgezondheid skriuwt oan de Twadde Keamer dat se woansdei yn Veghel úteinsette mei faksinearjen. Dy earste faksins binne foar de akute soarch. Dat betsjut de meiwurkers fan de intensive care, spoedeaskjende help en de covid-ôfdieling.

Trefwurden: 
sikehûzen coronafirus faksin
(Advertinsje)
(Advertinsje)