Gjin dûbeld opstaptaryf mear yn iepenbier ferfier yn Fryslân en Grinslân

04 jan 2021 - 16:03

De provinsjes Fryslân en Grinslân ha it dûbelde opstaptaryf yn it iepenbier ferfier ôfskaft. Oant no ta betellen reizgers in fêst opstaptaryf en in kilometertaryf. By in oerstap fan trein op bus, of oarsom, waard nochris it opstaptaryf rekkene.

Foto: Provinsje Fryslân

Dat is der no net mear foar alle oerstappen binnen 35 minuten yn it regionale bus- en treinferfier fan Arriva en Qbuzz. De provinsjes wolle mei de maatregel it reizgjen mei it iepenbier ferfier oantrekliker meitsje.

Foar it oerstappen fan bus op bus en trein op trein bestiet al langer gjin dûbeld opstaptaryf mear. De nije treinkonsesje 2020-2035 makke it ôfskaffen fan it dûbelde opstaptaryf fan bus op regionale trein mooglik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)