Ferwerter fertochte fan slimme mishanneling kaam nachts sûnder klean thús

04 jan 2021 - 15:23

De man út Ferwert dy't fertocht wurdt fan de slimme mishanneling fan in frou út Dokkum ferline jier april, is dyselde nachts bleat en ûnder de modder thús kaam. En hy hat nachts syn auto ek himmele. Dat kaam moandei nei foaren by in sitting yn de rjochtbank. De fertochte ûntkent dat hy wat mei de mishanneling te krijen hân hat.

De brânwacht yn aksje yn Dokkum - Foto: De Vries Media

Hy hie tsjin syn frou sein dat er dy nachts net sliepe koe en dêrom bleat troch de greiden en sleatten draafd is. Syn klean binne nea weromfûn. Justysje tinkt dat de man syn klean fuortmakke hat en troch de sleatten draafd is om spoaren fuort te meitsjen.

De fertochte en it slachtoffer ha koart in relaasje hân. De frou waard mei slimme ferwûnings fûn yn de garaazje fan har hûs. Yn it hûs wie brân makke. De rjochtsaak wurdt letter ynhâldlik behannele.

De Ferwerter hat foar ûndersyk nei it Pieter Baan Centrum (PBC). It kin noch fjouwer oant seis wiken duorje foar't de rapporten klear binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)