RIVM: 247 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân

04 jan 2021 - 15:22

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 247 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 42 minder as snein, doe't 289 gefallen meld waarden.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn de gemeente Ljouwert, nammentlik 48. Dêrnei komt Súdwest-Fryslân mei 41 besmettingen.

Yn Fryslân is it ôfrûne etmiel ien nij stjergefal meld, yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

In ynwenner fan de gemeente Dantumadiel rekke yn it sikehûs mei in coronabesmetting.

Lanlik binne der de ôfrûne 24 oeren 6671 nije coronagefallen fêststeld, dat binne der 757 minder as snein.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)