Omrop TIP: Wurkje oan it skip fan Willem Barentsz

De Witte Swaen wie earder bekend as it ekspedysjeskip fan Willem Barentsz dat wylde wetteren wist te ferkennen. Hjoed-de-dei leit in replika fan dit skip yn Harns te pronkjen, mei as doel om yn de takomst deselde rûte ôf te litten nei Nova Zembla, lykas doe. Yn de nije telefyzjesearje 'de Witte Swaen' sjogge we nei dit unike bouproses.
© Omrop Fryslân
Al sa'n tsien jier wurdt der manmachtich yn Harns wurke oan de bou fan it replikaskip. Dit wurdt dien troch in groep frijwilligers dy't elts in oare eftergrûn ha. Sa komme wy yn de searje yn de kunde mei in âld-meubelmakker, in houtbewurker en in mantelsoarger.
Yn de earste útstjoering fertelt Gerald de Weerdt syn ferhaal oer it skip. Hy is inisjatyfnimmer fan it projekt en hat aardich wat ûndersyk dien nei de skipsbou út de 16de en 17de iuw. "Ik raakte gefascineerd door de slimme Hollandse bouwmethode, die zorgde voor een groei in de Hollandse scheepvaart in de Gouden Eeuw" seit De Weerdt. Oan de hân fan literatuer en skipswrakken wol it team de Witte Swaen neibouwe.
Yn 2018 berikte it team in mylpeal mei de tewetterlitting en waard it skip doopt troch prinses Margriet. De searje sjocht nei de lêste ûntwikkelingen fan de bou oant no ta.
De earste ôflevering is om 17.15 oere te sjen, dêryn it ferhaal fan Gerald de Weerdt. Der binne fjouwer ôfleveringen fan dit programma.