5 tips om dyn goede foarnimmens fol te hâlden

04 jan 2021 - 14:27

Alle jierren is 1 jannewaris ít momint foar goede foarnimmens: sûner ite, mear bewege, ophâlde fan smoken. Mar ek alle jierren is it lestich om dizze nije gewoanten fol te hâlden. Gelokkich hat psycholooch en sportcoach Berber van den Berg 5 tûke tips foar dy.

Smoke - Foto: Shutterstock.com

1. Keppelje dyn goede foarnimmen oan in doel

In broek dy't net mear past, in hurdrinwedstriid dêr'st oan meidwaan wolst: soargje datst in doel hast om nei ta te wurkjen. "Zonder doel gaat het je nooit lukken om je goede voornemen vol te houden", leit Berber út. "De meeste voornemens stranden na drie weken, omdat mensen geen doel hebben wanneer ze op 1 januari starten."

2. Set lytse stapkes

Oer in jier in heale maraton rinne: it heart sa moai, mar om motivearre te bliuwen is it handiger om dyn doel yn lytse stapkes op te knippen. "Je moet doelen op korte termijn stellen, dan hou je het beter vol", wit Berber. "Denk in kleine stapjes, door eerst mee te doen aan een wedstrijd van 5 kilometer."

3. Brek mei fêste patroanen

Efkes wat lekkers ite jûns op de bank foar de telefyzje. It binne fan dy gewoantes dêr'st dreech fanôf komst. "Je heb te maken met ingesleten gewoontes, dat duurt even voordat die uit je brein zijn", leit Berber út. "Je moet echt breken met deze vaste patronen door het roer om te gooien. Dat hoeft niet meteen heel rigoureus, maar wees je bewust van die vaste patronen."

4. Sykje in oar 'slachtoffer'

Twa kear yn de wike in blok om te kuierjen wol better ast in oar 'slachtoffer' fûn hast. Berber: "Denk aan de buurvrouw of een goede vriendin. Samen kun je elkaar motiveren om je goede doel om te zetten in daden en ook daadwerkelijk een stuk te gaan wandelen. Ook als het regent of al donker is. Zorg dat je mensen bij je goede voornemers betrekt om je te helpen."

5. Beleanje dysels

Krekt as Bijke meisto dysels sa no en dan bêst efkes beleanje foar dyn goede foarnimmens. "Een nootje in het weekend moet best kunnen", laket Berber. "Maar zorg ook nu weer voor een vast patroon, zodat een beloning niet uit de hand loopt."

Berber van den Berg

(Advertinsje)
(Advertinsje)